Mei 130 km/oere nei Stienwyk

01 jul 2011 - 11:57

Tusken Stienwyk yn Oerisel en It Hearrenfean mei fan 7 july ôf 130 kilometer de oere riden wurde. Rykswettersteat hat dat witte litten.

It giet om in proef. Rykswettersteat wol ûndersykje wat it effekt is op de trochstreaming, de feilichheid en de omjouwing. Earder waard de maksimum snelheid op de Ofslútdyk en op de A6 tusken Almere en De Jouwer al ferhege nei 130 kilometer de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)