Mei 130 km oer de Ofslútdyk

02 feb 2011 - 17:07

Fan 1 maart ôf mei op de Ofslútdyk 130 kilometer yn de oere riden wurde. Dat meldt de NOS. It is in proef. Fan 1 maaie ôf soe ek op de A6 tusken De Jouwer en Almere 130 riden wurde meie, mar dan allinne jûns en nachts.

Der binne fjouwer grutte diken dêr't eksperimintearre wurdt mei de nije maksimum snelheid. Minister Schultz fan ferkear wol úteinlik op in tredde part fan de grutte diken de maksimum snelheid fan 130 ynfiere. Mar se hat sels twifels oft dat slagje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)