Mei 116 km troch Eastersee

20 mrt 2010 - 15:33
  • Plysjekontrôle mei lasergun (foto: argyf Omrop Fryslân)

In 22-jierrige man fan de Lemmer is freedtemiddei syn rydbewiis kwyt rekke omdat er fierstente hurd troch Eastersee ried.

De bestjoerder passearde in snelheidskontrôle mei de lasergun mei 116 kilometer de oere wylst 60 km de oere dêr de maksimumsnelheid is. De Lemster krige in stopteken, wêrnei't syn rydbewiis ynnommen waard. Ek krige er proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)