Mei 100 km oer rûnwei Ljouwert

25 jan 2010 - 09:36

Nei in wylde achterfolging hat de plysje sneintejûn in Ljouwerter automobilist (21) oanhâlden. De man ried fierstente hurd oer de Stuyvesantwei. Doe't de plysje him oanhâlde woe, naaide hy mei in gong fan 100 kilometer de oere út.

Yn de Van Asbeckstrjitte botste de Ljouwerter op in parkearde auto. De man hie gjin rydbewiis. Syn auto waard yn beslach naam omdat hy al faker foar riden sûnder riidbewiis pakt wie. Trije auto's rekken skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)