Megatanks op transport by Polem De Lemmer

18 aug 2015 - 10:43
  • Gruttere tanks hat it bedriuw noch nea makke
  • De tredde fan fjouwer tanks giet oan board

By Polem op De Lemmer wurde tiisdei fjouwer opslachtanks op transport set. It binne de grutste tanks dy't it bedriuw ea makke hat yn de 40 jier dat it bedriuw bestiet. De tanks binne 10 meter heech en hawwe in trochsneed fan goed njoggen meter. De tanks wurde mei in skip nei de klant yn Wormer brocht, se binne bestimd foar de opslach fan floeiber bistefretten. Letter moatte der noch acht sokke tanks levere wurde.

It bedriuw hat him nei de grutte brân fan 2013 hersteld en is mei dizze tanks merklieder yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)