Megaprojekt foar Paques Balk

12 mrt 2009 - 17:32

It bedriuw Paques fan Balk makket de grutste Anammox-ynstallaasje fan 'e wrâld. It giet om in ynstallaasje foar it fuortheljen fan ammoaniak út ôffalwetter yn Sina. De ynstallaasje is hast tsien kear grutter as de grutste besteande en kin 11 ton stikstof per dei omsette.

De ynstallaasje wurdt boud troch de susterorganisaasje fan Paques yn Shanghai. De opdracht komt fan de Sineeske Meihua Group, in produsint fan ûnder oaren setmoal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)