Megapleats iepene foar 500 kij

09 apr 2005 - 12:20

Yn Sânhuzen is freed in hypermoderne melkfeehâlderij iepene. It bedriuw hat romte foar 500 melkkij en úteinlik moat der 5 miljoen liter molke yn 't jier produseard wurde. In gemiddelde Fryske boer melkt no sawat 500.000 liter.

De kij dy't yn de stâlen steane geane net mear it lân yn. Dat is ûnmooglik mei safolle kij. Ek kin sa folle better byhâlden wurde wat de bisten krekt ite. De mega-pleats kostet 2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)