Megakrystbeam yn Surhústerfean

07 des 2005 - 10:35

De krystbeam fan Surhústerfean is 18 meter lang en dêrmei de grutste en heechste fan it noarden. It unike eksimplaar is mei spesjaal ferfier ophelle út it Drintse Westerbork en mei help fan in kraan delsetten by it winkelsintrum yn Surhústerfean. Der komme 8500 lampkes yn.

De megakrystbeam is de kommende wiken in grutte blikfanger. Want, sa sizze de inisjatyfnimmers: it doarp moat dizze krysttiid op 'e kaart setten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)