Mega-oarder foar Paques Balk

28 jan 2007 - 12:36

It Balkster bedriuw Paques hat in grutte oarder út Sina binnenhelle. Paques sil dêr in suveringsynstallaasje bouwe foar in produsint fan gemyske stoffen as aseton en etanol. Mei de ynstallaasje kin biogas wûn wurde en wurdt de útstjit fan CO2 werombrocht.

Yn de ynstallaasje wurdt alle dagen 24.000 kúb ôffalwetter suvere. Mei it biogas kin in stêd fan 100.000 minsken fan gas foarsjoen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)