Mega-oarder boubedriuw Friso

01 nov 2004 - 17:04

Boubedriuw Friso yn Snits sil 666 fakânsjewenten bouwe yn Rolde (Drinte). Woningstichting Centraal Nederland yn Houten hat dêrfoar opdracht jûn. De húskes komme yn in grut park dat ek in swimbad en in grutte resepsje befettet. Ek dy twa sil Friso bouwe.

It boubedriuw ferwachtet foar de megaput 125 oant 150 ekstra minsken oan te nimmen. Mei-inoar wurkje der no al 435 minsken. De bou sil nei ferwachting 2,5 jier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)