Mega-bouplan Tsjummearum

01 sep 2011 - 21:40

Tsjummearum stiet oan de foarjûn fan ien fan de grutste bouprojekten ea yn it doarp. Soarchsintrum Nij Bethanië wurdt flink ferboud en ek komt der in nij multyfunksjoneel sintrum mei skoalle.

It inisjatyf fan soarchgroep Noorderbreedte, wenningboukoörperaasje Wonen NoordWest Friesland en de gemeente Frjentsjerteradiel kostet mear as 10 miljoen euro. Takom jier begjinne de wurksumheden en dy moatte yn 2017 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)