Meeters kandidaat foar Huzum

16 des 2008 - 10:29

Eldert Meeter, bemanningslid fan it Ljouwerter skûtsje, is ien fan de kandidaten om skûtsjeskipper fan it Huzumer skûtsje te wurden. Der is noch in kandidaat, ek in Meeter, mar it bestjoer fan it Huzumer skûtsje wol net sizze wa't dat krekt is.

It skûtsje siket in opfolger foar Loadewyk Meeter. Dy kundige nei de finale fan it SKS skûtsjesilen dit jier oan dat er ophâlde wol as skipper. Eldert is in neef fan Loadewyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)