Medyske misser net bestraft

20 feb 2001 - 16:40

In ferkearde diagnoaze fan in Fryske pasjint wurdt net bestraft troch it Medysk Tuchtkolleezje yn Grins. De dokter stelde in ûngenêslike foarm fan longkanker fêst, wylst it úteinliks iepen TBC wie.

De pasjint wie al dwaande him ta te rieden op de dea. In ûnferantwurde fersin, oardiele de pasjint achternei en brocht de saak foar it Tuchtkolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)