Medyske apparaten nei fleanbasis

14 des 2004 - 14:22

De fleanbasis Ljouwert krijt medyske apparatuer fan soarchfersekerder De Friesland. It giet om twa ECG-monitors en trije brancardsystemen. Dy binne bedoeld foar de soarch op de Waadeilannen. De helikopters fan de Loftmacht spylje dêr in grutte rol. Mei de nije apparatuer is it mooglik om pasjinten fanút ambulânses gau oer te dragen yn helikopters.

De apparatuer kostet 82.000 euro en wurdt freed oanbean op Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)