Medysk sintrum op 'e Harkema

19 mrt 2009 - 09:30

Op 'e Harkema komt oan de Nijebuorren in medysk sintrum. Yn it gebou komme húsdokters, in apteek en in fysioterapypraktyk. It medysk sintrum is ûnderdiel fan it sintrumplan op 'e Harkema. Neist winkels bestiet dat plan út de bou fan wenningen en it sûnenssintrum.

Der wurdt mei ferskate partijen noch folop praat oer de útfiering fan it sintrumplan. Doel is om takom jier mei de earste bouwurksumheden te begjinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)