Medisinerobot yn Aldebiltsyl

12 mrt 2010 - 19:09

Pasjinten fan hûsartsepraktyk Bögels yn Aldebiltsyl krije tenei fia in robot harren medisinen. Dy is freed yn gebrûk naam. Der binne wol mear aptekers dy't in robot ha, mar hjir kinne de minsken it apparaat sels betsjinje. Doel is dat pasjinten sels jûns de medisinen ophelje.

De Friesland Zorgverzekeraar stipet it inisjatyf. De yntroduksje fan sa'n robot is foar de fersekerder in foarbyld fan hoe't de soarch der aanst op it plattelân út komt te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)