Medisinen kwytrekke

08 maaie 2007 - 10:06

By Dronryp binne moandeitemiddei medisinen kwyt rekke. Dit moat gebeurd wêze by de bushalte tsjinoer it tankstasjon oan de Strjitwei yn Dronryp of yn de bus.

It giet om acht oant tsien doaskes dy't yn in plastic pûde fan in supermerk sitte. De medisinen kinne gefaar opsmite foar de sûnens. Immen dy't dizze plastic tas fûn hat wurdt fersocht om dy by it plysjeburo te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)