Mediator yn fearboat-konflikt

29 aug 2013 - 07:11

In mediator moat noch ien kear besykje om ta in kompromis te kommen yn it skeel oer de wintertsjinstregeling fan de fearboat nei Skylge. Dat hat de gemeenteried op it eilân besletten. Rederij Doeksen wol skrasse yn it tal ôffearten winterdeis, om't it bedriuw ferlies makket troch de konkurrinsje mei rederij EVT.

Nije wike tongersdei fynt in earste petear plak om de problemen te ynventarisearjen wannear't der noch mar 4 boaten deis farre. De mediator moat 20 septimber klear wêze. As der gjin kompromis helber is, wurdt arbitraazje ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)