Mediation húsdokters Skier

27 feb 2014 - 19:29
  • Húsdokter

De twa húsdokters fan Skiermûntseach, Dick Zaal en Pauline Kouwenhoven, sille de kommende trije moanne besykje oft se mei mediation harren konflikt dochs oplosse kinne. Zaal en Kouwenhoven hawwe dit tongersdei ôfpraat op de Ljouwerter rjochtbank oan 'e ein fan it koart pleit dat húsdokter Zaal tsjin húsdokter Kouwenhoven oanspande.

Yn dat koart pleit easke Zaal dat Kouwenhoven binnen 48 oeren ophâldt mei har praktyk op it eilân. As de partijen nije wike ôfsjogge fan mediation komt der in fonnis fan de koartpleitrjochter op 17 maart.

De jonge húsdokter Pauline Kouwenhoven wurke oant de simmer fan ferline jier as waarnimmer foar de âldere húsdokter Dik Zaal. Mar de twa krigen spul en doe't ferskate eilanners oan dokter Kouwenhoven fregen om te bliuwen, begûn dy yn novimber mei in eigen praktyk. Sy naam 60 persint fan de pasjinten fan Zaal mei. Dit hat Zaal in soad omset koste en omdat er boppedat gjin waarnimmer hat wol soarchfersekerder De Friesland ek net mear mei him fierder.

It koart pleit foar de Ljouwerter rjochtbank duorre tongersdeitemiddei fiif oeren en waard ek bywenne troch in groep pasjinten fan dokter Kouwenhoven. De twa partijen wiene net hiel aardich foarinoar. Se neamde dokter Kouwenhoven dokter Zaal 'gewoon geen goede huisarts, het spijt me dat ik dat moet zeggen'. Zaal beskuldige Kouwenhoven op syn beurt fan it 'doelbewust ôfpakken fan pasjinten' en it skeinen fan it 'konkurrinsjebeding' dat yn 'e regels foar húsdokters jildt. Komplisearjende faktor yn de saak wie dat Kouwenhoven by Zaal wurke sûnder arbeidskontrakt, want de partijen koene it ek dêr noait oer iens wurde.

Omdat it foar beide húsdokters in drege middei wie, hawwe de advokaten in 'time-out' ôfpraat fan ien wike. Nei dy wike sille de partijen oan de slach mei mediation. Hjirfoar is wol tastimming nedich fan De Friesland, want dy betellet de húsdokterssoarch op it eilân. Doktor Kouwenhoven hat foar dit jier in kontrakt mei De Friesland, mar dokter Zaal hat dat net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)