Mediastilte SC Hearrenfean

03 feb 2011 - 20:30

De trainer fan Sportklup Hearrenfean Ron Jans, syn staf en de spilers prate oant de wedstryd fan takom sneon tsjin NEC net mear mei de parse. Jans wol folsleine rêst yn de groep nei de drokte oer it wol of net trochgean fan de transfer fan spits Bas Dost nei Ajax en de twa nederlagen nei de winterstop tsjin ADO Den Haach en FC Grins.

Yn Boppeslach Kafee sei Jans tongersdei dat der in tal feroarings yn it alvetal plakfine sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)