Mediaprojekt om KH2018 hinne

06 okt 2014 - 20:43

It mediaprojekt Sân stêden fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante is moandeitejûn iepene. It projekt moat antwurd jaan op de fraach hoe't it stiet mei de oare Kulturele Haadstêden oant 2018. Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert waard dúdlik dat de kommende moannen twa sjoernalisten fan Omrop Fryslân en de LC ôfreizgje sille nei de Europeeske Kulturele Haadstêden. Mei de sjoernalisten sil ek in 'Young Professional' meigean.

De ferhalen en bydragen binne fan 15 oant en mei 24 desimber te sjen.

De sân stêden dêr't de Kulturele Haadstêd de kommende jierren hâlden wurde, binne: Bergen/Mons yn België en Plsen yn Tsjechië (2015), Wroclaw yn Poalen en San Sebastian yn Spanje (2016), Aarhus yn Denemarken en Paphos op Syprus (2017) en Valetta (2018). Dy lêste stêd is tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd. De Fryske ferslachjouwers gean nei al dy stêden ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)