Mediakampanje 'Omrin' begûn

01 des 2004 - 16:09

Sterkste man fan Fryslân Wout Zijlstra hat woansdei de mediakampanje om it nije ôffalbedriuw 'Omrin' iepene. Hy die dat troch in boerd mei dêrop de âlde logo's en nammen stikken te skuorren. Biedwurd fan de kampanje is 'Offal is net neat'.

De bedriuwen Fryslân Miljeu en Afvalsturing Fryslân geane takom jier mei inoar fierder. De beide bedriuwen bliuwe juridysk wol bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)