Media op swart troch steuring

05 mrt 2004 - 00:00

Der hat freedtemoarn in steuring west yn de gemeenten dêr't UPC de kabel fersoarget. Televyzje, radio en ynternet fia de kabel fan UPC foelen út. Dat kaam om't der in stroomsteuring wie yn it distribúsjesintrum fan UPC yn Ljouwert. Essent die dêr ûnderhâldswurk en hat dêrby in kabel rekke.

Radio en televyzje wienen nei in healoere wer yn de loft. Yn de rin fan de dei wurde de ynternettsjinsten fia de UPC-kabel wer opstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)