Media Art Festival útein set

06 sep 2003 - 00:00

It Media Art Festival yn Drachten en Ljouwert is freed útein set. By mediakeunst wurde multimedia lykas kompjûters en projektors brûkt. Om in poadium te bieden oan krekt ôfstudearre keunstners wurde der yn Nederlân trije grutte festivals organisearre. Ien dêrfan is it Media Art Festival.

Der wurde sawat 4000 besikers ferwachte by it festival. It doel is om mediakeunst foar in breder publyk tagonklik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)