Medaljes foar rêden drinkeling

04 feb 2012 - 16:43
  • Gemeente Opsterlân

Boargemaster Ravestein fan Opsterlân hat sneontemiddei trije brûnzen medaljes fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen útrikt. Dy giene nei frou Vester, de hear Sturkenboom en de hear Winia.

Sy rêden yn novimber ferline jier in 71-jierrige man fan de ferdrinkingsdea. De man wie op Selmien-West yn Oerterp mei syn scootmobyl yn it wetter riden. Yn in kafee yn Oerterp binne de medaljes útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)