Medaljes Dillema kostje jild

29 jan 2008 - 15:59
  • Foekje Dillema fersloech ûnder oare Fanny Blankers-Koen op 'e Olympyske Spullen

As de neiste famylje de medaljes fan Foekje_Dillema weromhawwe wol, kostet dat jild. Dat lit neef Jan de Boer (84) yn Nij-Seelân witte. Hy hat de fjirtjin medaljes meikrige en wol no jild sjen foar fersekerings en foar al dy jierren dat er derop past hat.

Foekje Dillema ferstoar ferline jier. Se wûn in soad prizen oant se ynienen foar it libben diskwalifisearre waard omdat se in man wêze soe. De namme Dillema is ûnderwilens rehabilitearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)