Medaljerace Marit Bouwmeester

08 apr 2011 - 21:18
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester giet sneon as sechsde de medaljerace yn fan it wrâldbekersilen op Majorka. Yn race njoggen en tsien waard de sylster út Warten sechsde en achtste. Sneon sile de bêste tsien fan it klassemint fan de Laser radial tsjininoar. Der wurdt dan mei dûbele punten wurke. Bouwmeester kin it poadium noch helje.

Foar Pieter-Jan Postma en Roelof Bouwmeester sitte de wedstriden derop. Postma waard yn de Finn 17e, Bouwmeester yn de Laser 38e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)