Medalje útrikt foar rêdingsaksje

26 jun 2003 - 00:00

Patricia Kuperus fan Ingwierrum hat tongersdeitemiddei de sulveren medalje fan it Carnegie Heldenfonds krigen. Dat barde op it stedhûs fan Dokkum. Patricia Kuperus krijt de medalje om't se twa jongens yn Ingwierrum yn maaie 2002 út in baarnende skuorre rêden hat.

Dy koene der sels net mear útkomme. De sulveren medalje waard útrikt troch boargemaster Cazemier fan Dongeradiel. De âlden fan de slachtoffers binne de heldinne noch hieltyd dankber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)