Meckema State draait befrijingsfilm foar bewenners

28 apr 2015 - 21:20
  • Bewenners sjogge nei de befrijingsfilm oer Noardeast-Fryslân

Der wie tiisdeitemiddei in protte belangstelling foar de spesjale befrijingsfilm dy't te sjen wie yn fersoargingstehûs Meckema State yn Kollum. Tsientallen âlderen kamen op de byienkomst ôf, dy't benammen bedoeld wie foar minsken dy't sels de oarloch noch meimakke hiene.

Meckema State wol op dy wize benammen de bewenners wer efkes werom bringe yn de befrijingssfear fan santich jier lyn, mar der kamen ek in soad minsken fan bûten it fersoargingshûs op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)