'Meck-Pomm' konkurrint Fryslân

25 jan 2010 - 13:37
  • Fryslân wie prominent oanwêzich op Boot Düsseldorf

Mecklenburg-Vorpommern en Brandenburg binne Dútske dielstaten dy't konkurrearje mei de Fryske Marren. Yn it wykein stie de stand fan Meck-Pomm njonken Fryslân op Boot Düsseldorf.

Fryske boatebouwers ferkeapje al boaten oan ferhierders yn it easten fan Dútslân. Ien fan de boatebouwers dy't dat docht is it Snitser bedriuw Aquanaut. Neffens Piet Galema fan Aquanaut hat Fryslân hjir foardiel fan. Dútsers dy't yn eigen lân farre, komme ek grif in kear nei Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)