Measte treinproblemen oplost

26 jul 2012 - 11:08

De problemen mei it treinferkear tusken Ljouwert en Grins en tusken Warkum en Starum wiene tongersdei om 12 oere middeis foarby. Tusken Ljouwert en Grins hiene de treinen tongersdeitemoarn lêst fan in seinsteuring. Tusken Warkum en Starum lei it treinferkear stil nei in slimme oanriding by Hylpen. Twa auto's botsten dêr opelkoar flakby it spoar. In man rekke dêrtroch swierferwûne.

Allinne tusken Harns en Harns Haven rieden tongersdeitemiddei noch bussen yn stee fan treinen fanwege in seinsteuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)