Measte treinen ride op skema

07 des 2012 - 12:42

It iepenbier ferfier hat freed net folle lêst hân fan de snie. Der waard in soad snie ferwachte, mar dat foel bot ta. Hjir en dêr rieden bussen mei fertraging, mar it treinferkear fan Arriva yn Fryslân koe gewoan ride. En dat wylst de NS op foarhân de tsjinstregeling al oanpast hie. Arriva docht soks net.

It bedriuw hat in spesjaal winterplan, mei as útgongspunt dat de treinen sa lang mooglik riden bliuwe. Fan yn it foar treinritten skrasse by Arriva is gjin sprake.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)