Measte stoarmskea al opromme

13 nov 2013 - 10:40

In grut part fan de stoarmskea yn 'e Fryske bosken is opromme. Neffens Steatsboskbehear moat sa'n tweintich prosint fan it hout noch opromme wurde, en dat kin noch wol in pear wiken duorje. Dat komt om't it yn 'e bosken hiel wiet is en dêrtroch kin Steatsboskbehear mei de heechwurkers net oeral goed by komme. Boppedat binne de boskwachters benaud dat se de paden stikken ride.

Ek gemeenten binne noch dwaande om de lêste skea op te romjen. Park Heremastate op De Jouwer is noch hietlyd ticht foar publyk, om't it te gefaarlik is. Skarsterlân tinkt no noch twa wiken nedich te hawwen om de lêste beammeboel yn 'e gemeente op te romjen. De beamrike gemeente Opsterlân tinkt der sels noch sa'n twa oant trije moannen mei dwaande te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)