Measte riedsleden hâlde strip

28 jan 2005 - 15:42

In stripferhaal mei flokwurden en grof taalgebrûk hâldt de polityk yn Dongeradiel noch altyd dwaande. It boek is útjûn by gelegenheid fan de iepening fan it nije gemeentehûs. Mar de ynhâld foel net goed en fjirtjin riedsleden soene it boekje weromjaan. Lykwols, mar fjouwer hawwe dat ek echt dien.

De strip fan keunstner Guido van Driel is bedoeld as relaasjegeskink. Nei alle krityk dielt de gemeente Dongeradiel it boek net mear út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)