Measte kiezers tsjin sweeftrein

24 feb 2003 - 00:00

Fan 'e 5400 minsken dy't meidien ha oan de Fryske stimwizer is in mearderhied tsjin de oanlis fan de sweeftrein. By de Frysktalige stimwizer is 68,8% op de sweeftrein tsjin, by de Nederlânsktalige stimwizer is dat 52,9%.

De foarstanners binne yn 'e minderheid. By de Frysktalige stimwizer is 18,2% foar de sweeftrein, by de Nederlânsktalige fariant is dat 27%. De stimwizer jout kiezers in stimadvys foar de steateferkiezings fan maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)