Measte Friezen feilich gefoel

01 mrt 2012 - 10:19
  • Plysje

Njoggentjin prosint fan de Friezen fielde him ferline jier wolris ûnfeilich. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It gefoel fan ûnfeiligens yn Fryslân leit dêrmei leger as it lanlik gemiddelde. Oer hiel Nederlân sjoen fielde 25% him wol ris ûnfeilich.

Op it tal werklike delikten skoart Fryslân ek leger as lanlik. Yn Fryslân binne per 100 ynwenners 34 delikten, lanlik sjoen binne dat der 43.

It oantal delikten yn Fryslân lei ferline jier wat leger as yn 2010. Ut de sifers fan it CBS docht ek bliken dat 47 prosint fan de Friezen ferline jier tefreden wie oer it optreden fan de plysje, yn 2010 lei dat oantal mei 43 prosint krekt wat leger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)