Measte amtners smoke wer

15 maaie 2004 - 00:00

De measte fan de 54 amtners fan de gemeente Ljouwert, dy't sûnt begjin dit jier besykje fan it smoken ôf te kommen, ha dat doel net helle. Mei help fan lasertechnyk en oare terapyen besochten de amtners op kosten fan de gemeente fan de sigaret ôf te kommen.

Hoe folle amtners krekt wer smoke is net bekend, mar de eigner fan de laserterapy is net tefreden oer it resultaat. Normaal hat de terapy mear effekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)