Meartalich partijprogram FNP

11 feb 2011 - 20:09

De FNP makket syn programma foar de steateferkiezings net allinne yn it Frysk, mar ek yn it Biltsk en it Stellingwerfsk. De partij wol sa sjen litte dat de FNP in partij is foar alle Friezen.

Listlûker Toering oerlanget it earste Biltske partijprogram moandeitemoarn oan foarsitter Leendert Ferwerda fan de Stichting Ons Bildt. Dat gebeurt by Moaie Peal. Dêr wie oant de weryndieling fan 1984 de grins tusken it Bilt en it Frysktalige Barradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)