Mearderheid ried Littenseradiel foar opfang flechtlingen

01 feb 2016 - 06:00
  • It gebou fan Resi yn Wommels

In mearderheid fan de ried yn Littenseradiel is foar in tydlike opfanglokaasje fan flechtlingen yn Wommels. As dy lokaasje mar lytsskalich is. Dat docht bliken út in rûngong lâns de partijen troch Omrop Fryslân. Sawol SAM, CDA as FNP binne foar in opfang. De VVD hat noch twivels, mar is ek net negatyf.

Moandei is der in rûntepetear dêr't bewenners fan Littenseradiel harren byprate litten kinne troch it gemeentebestjoer. Dan is der ek romte yn te sprekken. Der soe mooglik in needopfang komme yn it eardere gebou fan Resi Wonen yn Wommels.

Om hoefolle minsken it krekt giet is noch net dúdlik. Ek foar hoelang der in opfang komme soe, is noch net bekend. Der soe ûnder omwenners wol wat ferset wêze tsjin dizze lokaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)