Mearderheid PS foar Thialf

19 des 2012 - 13:58
  • Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou

In mearderheid yn provinsjale steaten is foar de bou fan in nij Thialf. PvdA, CDA, FNP en Friese Koers wolle 50 miljoen euro beskiber stelle foar de bou fan in nije wedstriidhal. Dêr moat dan in 400-meterbaan yn komme dy't konkurrearje kin mei de oare iisbanen op de wrâld.

De KNSB en de direksje fan Thialf binne wiis mei de provinsjale bydrage. Sy sille no sels sjen as se jild fine kinne om neist de nije hal in ekstra trainingsbaan te realisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)