Mearderheid Friezen ferwachtet negative gefolgen fan opfang

07 okt 2015 - 10:56
  • Flechtlingen

In mearderheid fan de Friezen ferwachtet dat de opfang fan flechtlingen negative gefolgen hat foar de maatskippij. Dat falt ôf te lieden út de resultaten fan in enkête fan Eén Vandaag en Omrop Fryslân. Op de fraach wat de ynfloed fan flechtlingen op de mienskip wêze sil, seit 61 persint fan de ûnderfrege Friezen dat dy "voornamelijk negatief" wêze sil. Fierwei de measten tinke dat de taname fan it tal flechtlingen "ridlik" oant "in soad" ynfloed op de Nederlânske maatskappij hawwe sil.

Toch fine de measte Friezen dat flechtlingen út oarlochsgebieten yn ús lân talitten wurde moatte: "in bijna alle gefallen" seit 22 persint fan de Friezen, tsjin 15 persint lanlik.

Lês it folsleine ûndersyk fan EenVandaag en Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)