"Mearderheid foar oanpak N359"

29 okt 2014 - 19:30

De lobby foar de oanpassing fan trije krusings yn de N359 tusken Boalsert en Wommels docht fertuten. Der skynt in mearderheid yn de Steaten te wêzen om de krusings yn stapkes oan te pakken. It projekt wurdt rûsd op 15 miljoen euro en dat fûn it kolleezje te djoer. Dêrom wie it wurk net opnommen yn de begrutting 2015.

Pleatslike belangen dogge der fan alles oan om de Steateleden om te praten. Is der op 12 novimber tidens de begruttingsfergadering in mearderheid, dan is deputearre Poepjes ree om der jild foar te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)