Mearderheid foar Fryske nammen

19 mrt 2009 - 23:37

In mearderheid fan de politike partijen yn de gemeenterie fan Menameradiel liket foar it ynfieren fan Frysktalige plaknammen. By de behanneling fan it foarstel yn de riedskommisje fan tongersdei wiene FNP, PvdA en Grien Links posityf. Sy foarmje mei-inoar in mearderheid.

By fiif ynsprekjûnen foar ynwenners wiene benammen tsjinstanners te finen. Dochs liket de mearderheid fan de rie dus foar it foarstel. Oer twa wiken folget dêr in beslút oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)