Meardere ynbraken yn Fryslân

18 feb 2005 - 05:56

Op ferskate plakken yn Fryslân is ynbrutsen. Op in bedriuw op De Jouwer binne hageskjirren, meanders en kettingseagen stellen. Yn in supermerk yn de Ljouwerter wyk Bilgaard binne sloffen sigretten fuorthelle. Jild wie der net te heljen. Dêr smieten se mei in trottoir-tegel in grut rút yn.

By in winkel oan 'e Westerseedyk yn Harns is ek ynbrutsen. De eigner dêr mist sa't it liket neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)