Meardere winkeldieven pakt yn Ljouwert

21 okt 2015 - 15:08

De plysje yn Ljouwert wie tiisdeitemiddei drok mei winkeldieven. In 47-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden foar it stellen fan in slot by in winkel oan de Slauerhoffwei. De man mei in jier net yn de winkel komme en moat him yn jannewaris foar de rjochter ferantwurdzje. Itselde jildt foar in 25-jierrige frou dy't tiisdei yn in winkel oan De Tunen trappearre waard op it stellen fan twa sjaals.

In 27-jierrige winkeldief út Feanwâlden dy't tiisdei yn in winkel oan de Emmakade yn Ljouwert oanhâlden waard foar it stellen fan iterij, moat in boete fan 200 euro betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)