Meardere auto's botse op mekoar op de A7 by De Jouwer

10 feb 2016 - 08:15
  • De Jouster rotonde út de loft

Op de A7 fan Snits nei De Jouwer binne woansdeitemoarn trije auto's op mekoar botst. It ûngelok wie krekt foar de rotonde by De Jouwer.

Ien fan de belutsenen rekke ferwûne oan de nekke. It slachtoffer is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. It oare ferkear hie in skoft lêst fan fertraging troch it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)