Mear ynteresse foar fûgelbehear

21 nov 2003 - 00:00

De ynteresse fan boeren yn it Noarden foar greidefûgelbehear wurdt rap grutter. Foar takom jier ha boeren 20.000 bunder greide oanmeld by it ministearje, dit jier wie dat 3.000.

Boeren dy't meidogge bringe mear fariaasje oan yn dongjen en siedzjen en litte soms stroken gers stean. Dat liket op it greidebehear fan fytich jier lyn. De oantallen skriezen, ljippen, strânljippen en tsjirken yn sokke stikken greide nimme dúdlik ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)