Mear ynspraak oer fersoarging

12 okt 2005 - 10:16

Bewenners fan ferpleechhûs Talma Sionsberg krije folle mear te sizzen oer har fersoarging. Wie it foarhinne it ferpleechhûs dat bepaalde wannear't der waarm iten waard en op wat foar tiden der besite lânskomme mocht, fan nije wike ôf meie de bewenners dat sels bepale.

Personiel en de bewenners krije dêrfoar in kursus. De nije manier fan wurkje wurdt 18 oktober yn gebrûk naam, as it fernijde Talma Sionsberg iepene wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)