'Mear ynspraak oer B'him'

11 sep 2010 - 14:14

De fraksjes fan D66, FNP en GrienLinks yn Boarnsterhim wolle 4 ynsprekjûnen oer de ferdieling fan de gemeente hâlde. De fraksjes fine it foarnimmen foar ien ynsprekjûn yn it gemeentehûs net genôch. Neffens de partijen is it better om yn de doarpen te hearren hoe't de ynwenners der oer tinke.

De fraksjes neame draachflak ûnder de minsken fan grut belang foar it plan om de gemeente te ferpartsjen tusken de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)