'Mear ynsicht yn Falconjild'

30 jan 2008 - 22:05

Provinsjale steaten wolle mear helderheid hawwe oer wat der mei it saneamde Falcon-jild barre moat. Dat bedrach komt frij as de provinsje de NUON-oandielen ferkeapet of belient.

De Steaten wolle betizing oer wa't fan it jild profitearje kin, foarkomme. Der mei gjin diskusje komme oer bygelyks de oanlis fan diken of oare projekten fan it jild. Ynkoarten komme Deputearre Steaten mei in foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)